Partijen wolle fangrail lâns kanaal by Strobos

© De Vries Media
Lâns it Prinses Margrietkanaal en it Van Starkenborghkanaal moat in fangrail komme, tusken Strobos en Zuidhorn. Dat skriuwe de FNP yn Achtkarspelen en de fraksje fan VZ2000 oan de kolleezjes fan Achtkarspelen en Grootegast. De dyk lâns it kanaal is libbensgefaarlik sizze de partijen.
Der binne al meardere minsken omkaam trochdat se yn it kanaal bedarren. Ofrûne wykein ried ek wer in auto yn it wetter, de bestjoerder koe himsels rêde. De maksimumsnelheid op de dyk by it kanaal del is werombrocht nei 60 kilometer yn de oere, mar dat helpt net sizze de fraksjes. En it plan om treppen lâns de wâl te meitsjen wurket ek net as minsken net út har auto komme kinne. De FNP en VZ2000 fine in fangrail de iennichste opsje.