Friezen om utens: Karst Draaisma út Sina

21 feb 2018 - 08:30

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?

Yn dizze ôflevering Karst Draaisma út Sina: wannear witte je oft je werom wolle? Karst hat mei syn frou in soad reizge. Se bedarje yn Sina en wenje en wurkje dêr yn har guesthouse. Mar wat dogge je as je bern krije?

Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.

(advertinsje)