Tekoart oan loftferkearslieders: minder oefenje mei F-16's

F-16's fan de fleanbasis Ljouwert moatte operaasjes oanpasse troch it tekoart oan loftferkearslieders by it ministearje fan Definsje. Parten fan it loftrom boppe Nederlân gean soms ticht, omdat de loftferkearslieders it wurk net altyd oankinne. De ferkearslieding fan de loftmacht beheart it grutste part fan it Nederlânske loftrom, wêrûnder ek dat boppe Fryslân. Op moandeis en freeds kin as gefolch fan it tekoart mar beheind oefene wurde. Neffens in wurdfierder fan de loftmacht wurde de skema's dêr op oanpast en stiet de feiligens altyd foarop.
Ek de ANWB trauma- en Waadhelikopters meitsje gebrûk fan de loftferkearslieders fan definsje. In wurdfierder fan de ANWB lit witte dat se al lêst hawwe fan it tekoart. Om't se op tiid op 'e hichte brocht binne, koene sy oerskeakelje op "civiele" loftferkearslieders en koe der dochs altyd flein wurde. Definsje is drok dwaande mei it oplossen fan it tekoart oan ferkearslieders. It duorret lykwols in skoft foar't dy oplaat binne.