Aldegea (SWF) krijt bysûndere doarpswinkel

Aldegea yn Súdwest-Fryslân krijt in bysûndere doarpswinkel. Dizze gemakswinkel draait sûnder winsteachmerk. De winkel is in inisjatyf fan de Recreatiestichting en Doarpsbelang Aldegea SWF. Dy kamen ta it inisjatyf nei't de eigener fan de pleatslike supermerk oankundige om der takom wike mei op te hâlden. Opfolging wie der net, dus dat soe betsjutte dat it toeristyske doarp mei sa'n 700 ynwenners tenei sûnder supermerk fierder moast.
Reden foar de stichting en Doarpsbelang om yn it gat te springen en op eigen risiko mei de winkel te begjinnen. De nije doarpswinkel moat foar it peaskewykein iepenje en komt yn it gebou fan de eardere Simmerwinkel oan de Breksdyk. Undernimmers út de omkriten, lykas de bakker en de slachter, leverje it itensguod.