FIDEO: Mobyltsje fan libbensbelang foar hast bline Youssef

De measte minsken kinne harren gjin libben mear foarstelle sûnder mobile telefoan, mar foar guon minsken is hy echt fan libbensbelang. De 34-jierrige Youssef út Ljouwert is troch in sykte hast blyn. Mei syn iPhone koe er him oeral rêde. As er in foto fan in brief makke, lies de telefoan de tekst foar bygelyks.
Fan it simmer kaam er yn de grêft telâne nei't er foar in fytser oan de kant stapte. Hy hie net yn de rekken dat er sa ticht by de râne stie. Sels koe er wol út it wetter komme, mar de telefoan wie stikken, wylst him ferteld wie dat dy wetterticht wie. It wie in drege perioade foar him, mar yntusken hat er wer in nij mobyltsje.