Gjin Nederlânske medaljes op de 500 meter foar de manlju

19 feb 2018 - 13:45

It is de Nederlânske riders net slagge om in medalje te heljen op de 500 meter. Havard Lorentzen út Noarwegen wûn it goud yn in Olympysk rekôr fan 34.41. It sulver wie foar de Koreaan Min-Kyu Cha en it brûns foar Tingyu Gao út Sina. 

Jan Smeekens fan Snits moast yn de tsiende rit tsjin de Amerikaan Mitchell Whitmore ride. Nei in falske start fan de Amerikaan kaam Smeekens by it twadde startskot goed fuort, dochs koe er úteinlik mar in tiid fan 34.93 delsette. Op dat momint de fluchste tiid fan de dei. Dochs waard dizze tiid yn de tolfde rit alwer foarbyriden troch de Sineeske rider Tingyu Gao en de Japanner Joji Kato. 

Ronald Mulder moast it dêrnei yn de 16e rit opnimme tsjin de úteinlike winner Havard Lorentzen út Noarwegen. Mulder begûn de rit noch izersterk, mar koe it yn de lêste ronde net folhâlde. Lorentzen gie oer him hinne en finishte yn in rekôrtiid, Mulder waard sânde. Ek Kai Verbij koe neat dwaan oan de izersterke tiden fan de Noar en de Koreaan Min-Kyu Cha, en finishte úteinlik op in njoggende plak. 

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)