Splitting yn Drachten noch ticht foar ferkear

19 feb 2018 - 13:40

Ferkear kin foarearst noch net oer de nije Splitting yn Drachten. De gemeente brocht ferline wike nei bûten dat de dyk moandei wer iepen gean soe, mar dat slagget net. Oarsaak is it nije beton dat op de dyk leit. Ferline wike like dat hurd genôch te wêzen, om der moandei wer oer hinne te riden. Ut nije testen docht bliken dat it beton op punten dochs noch net sterk genôch is. Oarsaak dêrfan is it kâlde waar fan de ôfrûne tiid. Wannear't de dyk wol klear is, is noch net dúdlik.

(advertinsje)