Derek Buitenzorg siket noch nije eigener

"Us Derek" © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Derek Buitenzorg, it eardere hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân siket noch altyd nei in nije eigener. Dy moat wol betrouber wêze. De fraachpriis foar it draafhynder is 1.750 euro.
Sân jier lyn waard it hynder rêden fan de slacht en foar hûndert euro kocht. In moanne lyn hie er syn lêste koers. ​Yn de ôfrûne jierren waard Derek in begryp mei in eigen reallife-soap, in glossy en fandagen. Derek Buitenzorg is boppedat de earste draver dy't in plakje krige yn de Hall of Fame fan de NDR, de Nederlânske Draf en Rensport, noch foardat hy ea in koers wûn hie.