Wüst wol wikselje: "Slim dat een van ons zich spaart"

19 feb 2018 - 13:11

De Nederlânske efterfolgingsploech by de froulju soe woansdei eins net twa kear mei deselde riders oan de start ferskine moatte. "Ik denk dat het slim is dat een van ons zich spaart voor de finale. Wie dat is, is aan de bondscoach", sa sei Ireen Wüst nei ôfrin fan de foarronde moandei. De ploech mei dêryn ek Marrit Leenstra en Antoinette de Jong kwalifisearre him mei in tiid fan 2.55.61, in baanrekôr, foar de heale finales. Lotte van Beek is de reserve. Woansdei is de earste heale finale tsjin Amearika, dêrnei is de striid om it goud, of de striid om it brûns.

"Lotte is ook zeer sterk," fynt Wüst. "In principe leent de tegenstander zich er ook voor om iemand rust te gunnen. We mogen nooit te makkelijk over de Amerikaanse vrouwen denken. Vandaag waren we vier seconden sneller dan zij. Dat geeft vertrouwen."

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)