Mei de gondel troch de Ljouwerter grêften

19 feb 2018 - 12:51

Nei de pream fart meikoarten ek in Fenetiaanske gondel troch de grêften fan Ljouwert. It idee komt fan Hette van den Brink, dy't de gondel koartlyn yn Utrecht kocht hat. Dêr hat er de ôfrûne njoggen jier troch de grêften fearn. De 35 jier âlde gondel biedt plak oan seis minsken plus Hette van den Brink as gondelier.

Van den Brink wol yn gearwurking mei Ljouwerter restaurants arranzjeminten oanbiede. Mocht de gondel dêr net foar boekt wêze, dan kin er ek ynset wurde foar losse toeristen. De gondel wurdt de kommende tiid opknapt, doel is dat er fan 1 april ôf troch de Ljouwerter grêften fart.

(advertinsje)