Schaars bliuwt langer by SC Hearrenfean

19 feb 2018 - 12:45

Oanfierder Stijn Schaars spilet ek takom jier foar Sportklup Hearrenfean. De middenfjilder hat no in kontrakt oant de simmer fan 2019. Schaars is al sûnt 2016 by de Feansters en spile oant no 44 wedstriden yn de earedifyzje foar Hearrenfean. Hjiryn skoarde er fjouwer doelpunten, en joech er trije assists. Ofrûne wykein noch, wie Schaars wichtich yn de wedstriid tsjin syn âlde klup PSV. Hy skoarde de oanslutingstreffer yn it Philips stadion yn Eindhoven.

(advertinsje)