Oranje efterfolgingsploech mei rekôr troch nei heale finale

19 feb 2018 - 12:22

De efterfolgingsploech fan de froulju hat op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä goede saken dien. Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Marrit Leenstra moasten fuort as earste it iis op, en koene yn in strakke rit in Olympysk rekôr fan 2.55.61 delsette. Dit wie genôch foar it earste plak. De fjouwer teams mei de bêste tiden pleatse harren foar de heale finale op woansdei.

Antoinette de Jong hie yn de rit wol wat muoite om it tempo by te hâlden, mar koe úteinlik dochs meikomme om it Olympyske rekôr del te setten. De oare lannen dy't woansdei yn aksje komme binne Amearika, mei Heather Bergsma fan Aldeboarn, Japan en Kanada. Nederlân moat woansdei tsjin de Amerikanen ride, dy't moandei de fjirde tiid delsetten.

(advertinsje)