LF2018: Friezen om utens oer wat ôfstân mei har docht
"Je taal vieren in een vrijstaat. Dat is het uitgangspunt van Lân fan taal." Sa stiet der skreaun op de offisjele webside fan it projekt. Lân fan taal is in ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018, oftewol Kulturele Haadstêd. Omrop Fryslân sil it kommende jier ek wiidweidich omtinken besteegje oan it taalprojekt.
Ferslachjouwer Miranda Werkman en projektlieder Jacqueline Spendel binne al wikenlang dwaande mei it projekt Friezen om utens, en dizze wike mei it dan offisjeel los, op de Dei fan de memmetaal (21 febrewaris). De online redaksje fan Omrop Fryslân wie nijsgjirrich nei it ferhaal achter it projekt, en wat der allegearre te belibjen is mei taal, en frege beide froulju dêrom yn in petear nei harren plannen en ûnderfiningen.
Wat docht Omrop Fryslân mei Lân fan taal?
Miranda Werkman: "Wy meitsje it programma-ûnderdiel Friezen om utens: fideoportretten fan Friezen dy't prate oer wannear't sy nei thús langje. Wannear't de ûnwennigens taslacht fier fan hûs. Op itselde momint giet it ek oer hoe't se har dreamen wier besykje te meitsjen. Wat se dêr dogge en we litte sjen hoe't se wenje. Oftewol: Ik flean de hiele wrâld oer, online dan. Want ik ynterview de gasten fia Facetime of Skype. It is letterlik en figuerlik in mobyl projekt wurden; de minsken filmje sels mei har mobyl har eigen omjouwing. En alles wurdt draaid mei de mobile telefoan en ik praat fia Facetime of Skype mei Friezen yn Frankryk, Amearika, Baly, Sina en neam mar op. Firtueel reizgje ik de hiele wrâld oer."
Hoe binne jimme hjir sa bykaam?
Jacqueline: "Tolve jier ferlyn bin ik hjir kaam te wenjen út Baarn wei, en bin ik hjir by de Omrop úteinset as einredakteur. Dat fielde wol yn bytsje as in emigraasje, benammen troch de taal. By de Omrop praat elkenien fansels Frysk en dat koe ik yn koarte tiid ek bêst aardich, mar doe't ik in pear jier letter slim siik waard, koe ik allinnich noch mar Nederlânsk prate. Dat is foar my dochs de taal wêryn't ik it bêste myn gefoel uterje kin. Troch de sitewaasje wie it Frysk efkes fuort út myn holle. Ik fernaam ek dat kollega's it dreger fûnen om noch Frysk tsjin my te praten, krekt lykas sy it better passen fûnen om mei te gean yn de taal fan myn hert. Dat haw ik altyd hiel bot wurdearre trouwens. Foar my betsjutte it dat je neist kollega's ek minsken binnen mei elk syn soargen. Sy frege my somtiden ek oft ik net lange nei hûs, nei myn famylje en freonen yn de Rânested. Dy ûnwennichheid kaam foar my net fuort, mar pas letter yn it sykteproses. Dat it idee foar Friezen om utens komt eins wei út myn persoanlike sitewaasje. En ik tink dat it hiel werkenber is foar in soad minsken. Guon hawwe ek in langstme nei hûs as se op fakânsje binne bygelyks."
Miranda, do hast yn dyn projekt kontakt mei Friezen fan oer de hele wrâld oer langstme, hoe gie dat kontakt? Protte problemen? Grutte ferskillen tusken lannen?
Miranda: "No, it wie wol in toer om technysk alles foarinoar te krijen. Dus tankjewol kollega Michel Visser foar de technyk. It falt of stiet mei in goede ynternetferbining. Hoe krij ik de filmkes fan dêr hjir yn in sa heech mooglike kwaliteit. Mar wêr't ik it meast oer yn siet, wie oft ik se wol goed ynterviewe koe sûnder se yn it echt te sjen. Ik wol it leafst minsken yn de eagen sjen. Mar it is my alles tafallen. It is eins hiel yntym om sa fia Facetime te ynterviewen. En ik wie ek in bytsje regisseur op ôfstân. Dan appte ik wer oft in shot net op 'e nij koe, omdat it noch wat closer moast of dat it lûd net goed wie. Ja, ik haw dit echt tegearre mei de gasten makke. Bêst bysûnder."
Wannear hawwe jimme sels foar it lêst te krijen hân mei ûnwennigens?
Miranda: "Oei. Ofrûne simmer tink ik. Ik hie in nekhernia en wie op fakânsje op Skylge. No ja, echt fakânsje wie it net, want ik hie konstant pine. Ik koe hielendal net genietsje fan it oh sa prachtige eilân. Net fan it strân, net fan de bosk, net fan de terraskes. Ek al wienen myn man en bern by my; ik woe it leafst nei myn eigen hûs. Dat fielt dan it meast feilich ofsa."
Jacqueline: "Dat wie op ús mem har jierdei. Doe naam se ús mei foar in boattocht troch Amersfoort, it plak dêr't ik hikke en tein bin, en doe't ik de grêften en âlde huzen wer seach en al dy plakken dêr't je oantinkens oan hawwe en al dy minsken dy't ûnderdiel binne fan dyn ferline en dêr't je fan hâlde, ja, doe sloech it echt wol wat ta en sûnt doe haw ik faker lêst fan ûnwennichheid. It soe ek wêze kinne dat ik wat âlder wurd hear, haha."
Hawwe jimme ek in doel mei it projekt en de filmkes?
Miranda: "Ik fûn it hearlik om sokke lange en yntime ynterviews te dwaan. It giet dan ek oer wat je meikrije fan thús en wat je wer leare yn in oare kultuer. Oer je oanpasse yn in lân mei oare gewoanten. Oer kontakt en famylje. Hoe't dat feroaret op ôfstân. Dat de bân noch sterker wurde kin. It set my ek oan it tinken; wat bepaalt je thúsgefoel? En it besef dat ik it net kinne soe; fier fan myn famylje. Ik bin krekt wer tante wurden en ik soe dat foar gjin goud misse wolle. Ik hoop dat it minsken ek oan it tinken set. Oer je eigen kontakt mei famylje. Of hoe't je yn it libben stean. Oer je eigen thúsgefoel. En ik wurkje ek mei Fryske wurden yn byld. Dan sjogge je ek wer hoe moai de taal is."
Jacqueline: "Ik soe it moai fine as minsken har werkenne yn de ferhalen fan de Friezen om utens. Ik haw se allegearre sjoen en guon hawwe my wol rekke. It hat my nije ynsichten jûn yn wat ôfstân betsjut foar de relaasje mei famylje. Guon meitsje keuzes omdat sy har krekt mear thúsfiele yn in oar lân as yn Fryslân en dêr hiele drege besluten foar nimme moatte. By my sels spilet de keuze ek: ús bern binne op in leeftiid dat se aanst útfleane. Beide wolle graach nei de Rânestêd. Wat docht dat mei my? Ik wit it noch net."
Kinne Friezen ek noch hieltyd meidwaan oan Lân fan taal, en de projekten dy't dêrmei gearhingje?
Jacqueline: "Besikers fan Lân fan taal en fan Kulturele Haadstêd kinne ek fergees delkomme by paviljoen 'Liwwadders'. Fan ein maart ôf leit de prachtige wenboat yn de Prinsetún, achter it Historisch Centrum Leeuwarden. De portretten fan de Friezen om utens binne yn in grutte tentoanstelling oer ferline, no en takomst te sjen. Yn meardere talen dan fansels. Ik bin benijd hoe't dat oerkomt op bûtenlânske besikers!"
It projekt is te folgjen op de Omrop temawebside fan Lân fan taal. Hjir binne bygelyks ek de bûtenlânske portretten fan de Friezen om utens te finen. Dêrnjonken komme de portretten fan freed 23 febrewaris ôf alle wiken op Omrop Fryslân telefyzje. De premjêre fan de earste ôflevering is op woansdei 21 febrewaris, op de 'Dei fan de memmetaal'. Op dizze dei sil Miranda as ferslachjouwer ûndersykje hoefolle ferskillende memmetalen oft hjir yn Fryslân sprutsen wurde. Ek sil se hearre litte hoe't dy talen klinke. Harkers kinne aktyf meidwaan, troch dizze sin
"Rinne, sykje wêr't ik hinne sil. Fiele dat ik oerol wol wêze wol. Mar altyd wer thús komme sil"
yn har eigen memmetaal, as audioberjocht op it antwurdapparaat yn te sprekken (058 7009 777). Dat kin bygelyks Hylpersk wêze, Biltsk, mar ek Turksk of Sineesk.