Bestjoerder fan oanriding Ousterhaule hie tefolle dronken

19 feb 2018 - 11:58

De man dy't sneintejûn by Ousterhaule twa minsken oanried, hie tefolle dronken. Dat docht bliken út it plysje-ûndersyk. It giet om in 40-jierrige ynwenner fan gemeente De Fryske Marren. De man ried nei it ûngelok troch, mar melde him neidat de plysje in Burgernetaksje begûn wie. Neidat er heard wie, is de man wer frijlitten troch de plysje.

De twa slachtoffers, in frou fan 44 en in man fan 48 út Ousterhaule, binne nei it ûngelok oerbrocht nei it sikehûs. De plysje kin net oanjaan hoe't it no mei har is. Foar de helpferliening waard ûnder oare ek in traumahelikopter ynset. Ek foarbygongers hawwe holpen. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan de oanriding.

Trefwurden: 
Ousterhaule oanriding plysje
(advertinsje)