Pyeongchang, dei 13: Finaledei beide ploege-efterfolgingen

21 feb 2018 - 06:30

It is de finaledei fan de ploege-efterfolging, sawol fan de manlju as de froulju. Op dizze dei ride de trijetallen yn de heale finale yn in knock-out systeem. De winner pleatst him foar de finale.

12.00: ploege-efterfolging froulju

De frouljusploech hat him mei trije Friezinnen as earste pleatst op de efterfolging. Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Antoinette de Jong setten mei in 2.55.61 in nij Olympysk rekôr. Heather Bergsma pleatste har mei de Amerikaanske ploech mei in fjirde tiid. Dat betsjut dat sy it opnimme sil tsjin Nederlân. Yn de heale finale sil Lotte van Beek in plak ynnimme fan Marrit Leenstra.

12.28: ploege-efterfolging manlju

By de manljusploech is Sven Kramer de foarman yn it trijetal. Mei Jan Blokhuijsen en Koen Verweij pleatsten se har snein foar de heale finale tsjin Noarwegen. Yn de foarronde moasten sy by de fjouwer rapsten sitte, Nederlân kaam net fierder as in twadde plak achter de Koreanen. Koen Verweij koe it tempo fan Kramer en Blokhuijsen net goed folgje en rydt dêrom net woansdei. Hy wurdt ferfongen troch Patrick Roest.

Tongersdei 22 febrewaris: finale shorttrack

De finales fan de 500 meter (manlju) en 1000 meter (froulju) stean op it programma.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS)

Froulju ploege-efterfolging

Foarsizzing Koos Wieling
1. Nederlân
2. Japan
3. Kanada

Foarsizzing Lisette van der Geest
1. Japan
2. Nederlân
3. Kanada

Foarsizzing Johan Stobbe
1. Japan
2. Nederlân
3. Kanada

Manlju ploege-efterfolging

Foarsizzing Koos Wieling
1. Nederlân
2. Súd-Koreä
3. Noarwegen

Foarsizzing Lisette van der Geest
1. Nederlân
2. Súd-Koreä
3. Noarwegen

Foarsizzing Johan Stobbe
1. Nederlân
2. Súd-Koreä
3. Noarwegen

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)