"Farrûte Holwert - It Amelân wurdt gjin haadfarwetter"

19 feb 2018 - 11:25

Direkteur Ger van Langen fan Rederij Wagenborg is ferbjustere oer de reaksje fan it ministearje dat it oanwizen fan de farrûte tusken Holwert en It Amelân ta haadfarwetter net kin. Neffens in wurdfierder fan it ministearje fan Infrastructuur en Milieu kin it oanwizen ta farwetter net om't de rûte net ûnder it binnenwetter falt en it oanwizen ta haadfarwetter allinnich bedoeld is foar it ferfieren fan guod.

Van Langen hat it oer ''wegduikgedrag'' troch it ministearje. ''Jammer dat het ministerie deze houding anneemt'', seit er. Neffens him falt de Waadsee wol ûnder it binnenfarwetter en ferfiert Wagenborg neist passazjiers ek guod: ''Ieder jaar duizenden vrachtwagens.'' Van Langen wol graach mei it ministearje yn petear. ''Ons uitgangspunt is dat er een veilige vaarroute komt, die voldoet aan internationale richtlijnen en waarbij de natuurwaarden niet langer het uitgangspunt zijn.''

Van Langen rôp begjin febrewaris op ta it oanwizen fan de farrûte ta haadfarwetter. Hy makket him grutte soargen oer de berikberens fan it eilân en freget him ôf oft dat oer fiif jier noch wol berikber is. Neffens it ministearje wurdt de rûte gewoan ûnderhâlden. ''Daar is een aannemer meerdere dagen per week aan het baggeren. Het aanwijzen van hoofdvaarwegen geldt voor binnenvaarwegen, zoals kanalen'', seit wurdfierder Roel Vincken.

(advertinsje)