Ljouwerter pakt foar stellen akku

19 feb 2018 - 11:03

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei in 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't earder de akku fan in heechwurker stellen hie. De heechwurker stie yn de Middelseeleane yn Ljouwert. Om by de akku komme te kinnen, rjochte de Ljouwerter in soad skea oan by de masine. Hy naaide út op de fyts, mar de plysje koe de man op de Lorentzkade oan de kant sette. Hy hie de akku op de Trompstrjitte dumpt. Op syn oanwizen fûn de plysje de akku werom. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert stellerij
(advertinsje)