Pyeongchang, dei 12: shorttrack 500 meter manlju

20 feb 2018 - 06:30

Shorttrack stiet op it programma: 500 meter by de manlju en 1000 meter by de froulju. It giet by beide ôfstannen om de 'heats'. De earste twa geane troch nei de finale. ​De finale fan beide ôfstannen stiet tongersdei op it programma.

11.00 oere: 500 meter manlju, searjes

De twa Friezen, Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma, en Dylan Hoogerwerf komme yn aksje. Knegt wûn earder in sulveren medalje op de 1500 meter, mar it is noch mar de fraach oft er hjoed wol risiko's doart de nimmer. By de ôflossing en by de 1000 meter waard er diskwalifisearre fanwege it triuwen en it hinderjen fan de tsjinstanner. 

11.00 oere: 1000 meter froulju, searjes

By de 1000 meter foar froulju docht ien Friezinne mei: Suzanne Schulting. It is har lêste kâns om it toernoai noch wat op te poetsen, neidat se earder op de 500 letterlik en de 1500 meter figuerlik ûnderút gong. 

Woansdei 21 febrewaris: Finale efterfolgingsploech froulju en manlju

Woansdei komme de reedriders wer op it iis. De heale finales en finale fan de ploege-efterfolging stean op it program mei trije Friezinnen: Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Antoinette de Jong. Ek de heale finales en de finale fan de ploege-efterfolging fan de manlju wurdt riden, mei Sven Kramer.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Manlju 500 meter

Foarsizzing Joris van den Berg

1. Dajing Wu (Sina)
2. Sandor Liu (Hongarije)
3. Seo Yi Ra (Súd-Koreä)

Foarsizzing Roelof de Vries

1. Dajing Wu (Sina)
2. Sandor Liu (Hongarije)
3. Samuel Girard (Kanada)

Foarsizzing Cees Juffermans

1. Sjinkie Knegt (Nederlân)
2. Dajing Wu (Sina)
3. Samuel Girard (Kanada)

Froulju 1000 meter

Foarsizzing Joris van den Berg

1. Shim Suk Hee (Súd-Koreä)
2. Choi Min Jeong (Súd-Koreä)
3. Kim Boutin (Kanada)

Foarsizzing Roelof de Vries

1. Choi Min Jeong (Súd-Koreä)
2. Kim Boutin (Kanada)
3. Shim Suk Hee (Súd-Koreä)

Foarsizzing Cees Juffermans

1. Choi Min Jeong (Súd-Koreä)
2. Shim Suk Hee (Súd-Koreä)
3. Elise Christie (Grut-Brittannië)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)