F16's werom fan Libië

01 nov 2011 - 14:23

De F16's fan de fleanbasis Ljouwert dy't meidien ha oan de Navomissy boppe Libië komme woansdei werom. De rest fan it detasjemint folget freed. De fleantugen wiene sûnt ein maart aktyf om it fleanferbod boppe Libïe te kontrolearjen. Dat wie ynsteld om de Libyske befolking te beskermjen tsjin it rezjym fan kolonel Khadafi. No't Libië offisjeel befrijd is, is de missy ek dien, hat de Navo besletten. Moandei is de missy offisjeel ôfsletten.

(advertinsje)