Auto yn de sleat bedarre by Wytmarsum

19 feb 2018 - 08:42

Op de Hemerterleane by Wytmarsum is moandeitemoarn in auto njonken de dyk yn it wetter fan in sleat bedarre. Der wiene ûnder oare dûkers oproppen, mar dy hoegden úteinlik net yn aksje te kommen. De bestjoerder fan de auto rekke by it ûngelok net ferwûne.

It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe. De dyk hat in skoftke ôfset west om de auto fuort te heljen.

Trefwurden: 
ûngelok Wytmarsum
(advertinsje)