Boubedriuwen wolle meiinoar gearwurkje yn Noardeast-Fryslân

19 feb 2018 - 07:09

De bousektor yn Noardeast-Fryslân in ympuls jaan. Dat is it doel fan it nije ynnovaasjekluster bou Noardeast-Fryslân. Njoggen bedriuwen út de regio hawwe harren feriene yn it kluster, en dêrby sitte ûnder oaren bougroup Dijkstra Draisma fan Dokkum, VDM út Droegeham en Fritech út Bûtenpost.

Neffens Jeroen van Wijk, projektlieder fan it ynnovaasjekluster, komt der in soad op de bou ôf yn dizze tiid: "als je kijkt naar 3D-printing, dan worden er bijvoorbeeld in China al huizen geprint. Maar ook circulair bouwen en duurzaam bouwen zijn ontwikkelingen waar bedrijven van elkaar willen leren en graag nieuwe producten in willen ontwikkelen." Der sil no sjoen wurde op hokker wize de bedriuwen yn it kluster yn dizze saken gearwurkje kinne.

Konkurrinten helpe inoar

Neffens Van Wijk is der in soad belangstelling om inoar te helpen, ek al binne de bedriuwen yn de kearn fansels altyd noch konkurrinten. "Uiteindelijk staan deze bedrijven heel erg voor samenwerking en economische ontwikkeling in het gebied," sa seit Van Wijk, wizend op de regio Noardeast-Fryslân. "Natuurlijk hou je dan wel bepaalde innovaties voor jezelf, maar deze bedrijven zijn ook bereid om bepaalde kennis te delen omdat ze het heel belangrijk vinden dat de economische ontwikkeling in het gebied goed blijft."

Om it ynnovaasjekluster wurkber te meitsjen binne der plannen foar in boukampus, "dus een fisieke plek waar bedrijven samen kunnen innoveren. We willen vooral veel gaan doen, en niet teveel praten."

(advertinsje)