Kollum: "Bambiseks"

"'Fifty Shades maakt vrouwen nieuwsgierig naar andere manieren van seks'. Dat berjocht kaam ik tsjin nei't de tredde Fifty Shades film twa wike lyn yn premjêre gie. Yn it artikel wurde ferskate eksperts frege oft de film ynfloed hat op ús seksleven. "Ja", seit Wendy van Mourik, eigener fan de eroatyske webshop De Paarse Keizerin. "We waren met zijn allen een beetje aan het verpreutsen. Fifty Shades heeft geholpen dat mensen meer uit hun seksleven halen."
No haw ik noch gjin inkele Fifty Shades film sjoen, mar by elk nij diel dat útkomt, wurde der massaal mear hânboeien, blyndoeken en swypkes yn Nederlân ferkocht. Nei de twadde film wie der sels in wiere run op de saneamde Ben Wa Balls, dy't froulju stikem kitelje. In hiel soad froulju seachst ynienen hast oer de dyk dûnsjen. Dus ast dy noch ôffregest wêrom't dy lilke buorfrou ynienen sa fleurich wie doe: Ben Wa Balls.
Mar wat my opfalt is dat yn it krante-artikel allinnich praat wurdt oer fróulju dy't nije saken ûntdekke op seksgebiet. Dúdlik witte mannen alles al oer seks. Oer bondaazje, Ben Wa Balls, squirten en wit ik wat al net mear. In bytsje man hat dat allegearre leard by biology. Dúdlik.
Kollega Ferdinand de Jong hie al ris in kollum oer wêrom't de Fryske namme Rimmer eins net mear kin. Rimmen is dus sa'n spesifike seksuele foarkar dêr't ik noch noait fan heard hie. Mar der binne noch folle mear, lykas felching en snowballing. Wa't witte wol wat it is; sels mar efkes opsykje.
Fansels ik hie wolris heard fan SM, mar dat wie mear omdat ik yn Aldegea Smellingerlân wenje. Dat koartsje wy ôf as Aldegea Sm. Ik wie noch net sa âld doe't in grutte neef my útlei dat dy ôfkoarting net allinnich stie foar Smellingerlân, mar ek foar sadomasogisme. Yn geuren en kleuren krige ik in útlis fan wat dat wie. Nea witten dat wy yn sa'n spannend doarp wennen.
Mar al dy oare saken; it is in 'ver van mijn bed-show'. En dat soarget somtiden foar in bytsje sjenante situaasjes. Sa stie ik alris by de McDonalds foar de kassa om myn bestelling te dwaan. Njonken patat en in hamburger bestelde ik ek in milkshake vanille. "Do bist ek wol in bytsje vanille, hè Nyn", lake ien fan myn freonen. Ik tocht dat er it oer myn blonde hier en myn roomkleurich hûdsje hie. Dus ik sei: "Ja klopt, ik bin écht vanille." Achter my hearde ik in groepke jonges gnizen. Gjin idee wêrom.
Oant my útlein waard dat vanille ek ien fan de seksuele foarkarren is dy't ik noch net koe. Vanille betsjut datst foaral hâldst fan softseks: knuffeljen en tútsjen yn plak fan yngewikkelde standsjes en motorisearre helpmiddels. Hmmm. Dat hie ik dus krekt de hiele toko meidield dêr yn de McDonalds.
Bambiseks neame se it ek wol. Dy film ha'k trouwens alris sjoen doe't ik in jier as sân wie. En ik wit noch hoe't ik janke moast doe't de mem fan Bambi deasketten waard. "Dêr learst allinnich mar fan", sei ús eigen mem doe. Tsja. Miskien moat ik toch ek mar nei dy nije Fifty Shades film om noch wat op te stekken. Sjen oft ik it dit kear wol drûch hâlde kin."