UNIS Flyers mei goed gefoel nei Final Four

© Martin de Jong
De Flyers hienen sneintejûn gjin problemen mei de Red Eagles út Den Bosch. Yn Noard-Brabân waard it 7-1 foar de iishockeyers út It Hearrenfean.
Lars den Edel sette de Flyers yn de earste perioade op foarsprong. Fia Ronald Wurm en Yan Turcotte waard it 0-3. Yn de twadde perioade gienen de Flyers troch mei skoaren: Wurm opnij, Marco Postma twa kear en Tony Demelinne setten de stân op 0-7. Yn de lêste perioade rêde Niels Lemans de ear foar de thúsploech.
Takom sneon spylje de Flyers yn Thialf de earste wedstriid yn de Final Four. Dêr dogge de fjouwer bêste Nederlânske ploegen oan mei. De Devils út Nijmegen binne sneon de tsjinstanner. De winner fan dy wedstriid giet nei de finale op snein.