Pyeongchang, dei 11: Friezinnen yn de efterfolgingsploech

19 feb 2018 - 08:20

De manljusefterfolgingsploech kaam snein yn aksje, moandei binne de froulju oan bar. En dy ploech bestiet by Nederlân folslein út Friezinnen: Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Antoinette de Jong.

12.00 oere: ploege-efterfolging froulju

De trije Friezinnen (mei Lotte van Beek as reserve) ride yn de earste rit tsjin it gastlân Súd-Koreä. Yn totaal dogge acht lannen mei. De fjouwer ploegen mei de rapste tiid pleatse harren foar de heale finales, dy't woansdei ferriden wurde.

12.53 oere: 500 meter manlju

By de 500 meter foar manlju dogge gjin Friezen mei. De trije Nederlanners dy't yn de baan komme, binne Jan Smeekens (sulver yn 2014), Ronald Mulder (brûns yn 2014) en Kai Verbij (wrâldkampioen sprint 2017). Der is op dizze ôfstân gjin útsprutsen topfavoryt.

Tiisdei 18 febrewaris: Shorttrackers wer yn aksje

Tiisdei komme de shorttrackers wer op it iis. Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma ride de 500 meter, Suzanne Schulting de 1.000 meter. Schulting rydt mei de ôflossingsploech ek noch de B-finale.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Manlju 500 meter

Foarsizzing Koos Wieling

1. Jan Smeekens (Nederlân)
2. Håvard Holmefjord Lorentzen (Noarwegen)
3. Ronald Mulder (Nederlân)

Foarsizzing Lisette van der Geest

1. Ronald Mulder (Nederlân)
2. Håvard Holmefjord Lorentzen (Noarwegen)
3. Artus Was (Poalen)

Foarsizzing Johan Stobbe

1. Håvard Holmefjord Lorentzen (Noarwegen)
2. Ronald Mulder (Nederlân)
3. Alex Boisvert-Lacroix (Kanada)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)