Sven Kramer: "Heb het nog moeilijk met 10 kilometer"

18 feb 2018 - 21:23

Sven Kramer hat it noch dreech mei it ferlies op de olympyske tsien kilometer. "Dat gaat bij mij nog door merg en been", fertelde er snein yn Studio Sportwinter.

Lykwols genietet Kramer wol fan syn gouden medalje op de fiif kilometer, dy't er foar de tredde Olympyske Spelen op rige wûn. "Als ik de beelden zie, dan ben ik er wel trots op. Misschien moet ik vaker naar de beelden kijken."

"Ik probeer zo veel mogelijk te relativeren en te genieten van wat ik wel gewonnen heb", seit Kramer. "Daar heb ik in het verleden veel moeite mee gehad, maar het gaat steeds beter En natuurlijk vind ik het nog moeilijk, maar het is 'part of the game'."

Kramer pleatste him snein mei Koen Verweij en Jan Blokhuijsen foar de heale finales fan de ploege-efterfolging. Dy wurde woansdei ferriden.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)