Loftrom soms ticht fanwege tekoart loftferkearslieders

18 feb 2018 - 21:03

It loftbrom boppe grutte dielen fan Nederlân giet soms ticht, omdat de loftferkearslieders fan de loftmacht troch in personielstekoart it wurk net altyd oankinne. Dat skriuwt de NOS. De loftferkierslieding fan de loftmacht beheart grutte dielen fan it Nederlânske loftrom, werûnder ek it loftrom boppe Fryslân.

Omdat it loftrom yn desimber en jannewaris fiif kear sletten wie, koenen traumahelikopters net opstige. It personielstekoart hat ek ynfloed op de F-16-piloaten. Dy kinne no minder oefenje as oars. Dêrneist krige de lytse loftfeart, lykas fleanskoallen, de ôfrûne moannen meardere dagen gjin ynformaasje oer it waar en oar ferkear yn it loftrom.

(advertinsje)