Mear belangstelling foar learare-oplieding as oare jierren

19 feb 2018 - 06:01

De NHL Stenden sjocht dat de oandacht foar de learare-oplieding Pabo dit jier grutter is as oare jierren. Op iepen dagen sitte de lokalen dêr't foarljochting jûn wurdt foller as ea.

Der is in grut tekoart oan leraren. Dêrtroch is de kâns op in baan grut. De oare kant fan de medalje is dat basisskoalle-ûnderwizers yn it hiele lân stake, om't de wurkdruk te heech is en de leanen te leech. Mar dat skrikt de pabo-studinten net ôf.

(advertinsje)