UPDATE: Bestjoerder oanriding Ousterhaule hat him meld

18 feb 2018 - 19:57

De bestjoerder dy't sneintejûn trochriden wie nei in oanriding op de Hearewei by Ousterhaule, hat him yntusken meld. By de oanriding rekken twa kuierders ferwûne. In traumahelikopter en in ambulânse wienen teplak. Hoe't de twa slachtoffers deroan ta binne, is net dúdlik.

De plysje hie nei de oanriding in melding fia Burgernet útjûn om de bestjoerder te finen. Op it plak fan it ûngelok binne troch de oanriding auto-ûnderdielen lizzen bleaun, wêrûnder in spegel.

Trefwurden: 
auto-ûngelok Ousterhaule
(advertinsje)