Anice Das: "Ik heb er alles uitgehaald"

Anice Das hat geniete fan it riden op de Olympyske Spelen: "Het was heel leuk, m'n rit ging goed", fertelde se nei har 500 meter oan de NOS. Das wie de earste fan 31 rydsters dy't oan de bak moasten en se ried har rit allinnich. "Dat had ik nog niet eerder gehad, maar ik dacht: boeien, gewoon rijden." Se waard úteinlik njoggentjinde yn in tiid fan 38.75.
Oer har rit sels wie Das net ûntefreden. "Ik heb er alles uitgehaald wat erin zat. Ik had het liefst een persoonlijk record gereden, maar ik denk dat ik m'n rit redelijk goed heb uitgevoerd."
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.