Auto bedarret yn de berm op A32 by Wolvegea

18 feb 2018 - 18:43

Op de A32 by Wolvegea is sneintemiddei in auto fan de wei rekke. De auto ried fanút It Hearrenfean yn de rjochting fan Steenwijk, doe't de twa ynsitters mei de auto yn de berm bedarren. Hoe't dat barre koe, is net dúdlik.

De twa binne ûndersocht troch ambulânsepersoaniel, mar wienen net ferwûne.

Trefwurden: 
Wolvegea auto-ûngelok A32
(advertinsje)