Nikki May Woudstra pakt heechspringtitel op NK indoor

18 feb 2018 - 17:58

Nikki May Woudstra fan Wolvegea hat snein yn Apeldoorn de titel by it heechspringen pakt op de Nederlânske kampioenskippen indoor. Se gie as iennichste oer in hichte fan 1.79 meter. Dat slagge har yn ien kear.

By de 800 meter foar de manlju stienen twa Friezen op it poadium, mar net op de heechste trêd. Jaap Gerben Vellinga fan De Lemmer waard twadde yn in tiid fan 1.52.10, Lars van Hoeven fan Nes (Hearrenfean) tredde yn 1.52.52. Winner wie Thomas van Laar. Hy die 1.51.66 oer de 800 meter.

Sneon waard heechspringer Douwe Amels fan Drachten al foar de fiifde kear Nederlânsk kampioen.

(advertinsje)