Elma de Vries dwaande oan lêste seizoen

© www.orange-pictures.nl
Elma de Vries nimt nei dit seizoen ôfskied fan it reedriden. Dat hat de reedrydster fan De Haule snein bekendmakke.
"Ik schaats nu nog mee voor het podium en kan mijn werk doen voor de ploeg", lit De Vries yn in reaksje fia har ploech witte. "Met dat gevoel wil ik afscheid nemen."
De 34-jierrige De Vries wie suksesfol op de langebaan en by it maratonriden. Yn 2006 wûn se de alternative Alvestêdetocht. Fjouwer jier letter wûn se it NK allround en die se yn Vancouver mei oan de 5000 meter op de Olympyske Spelen. Ofrûne jier waard se noch útroppen ta maratonrydster fan it jier.