Kuorballers SCO kinne net stunte tsjin mei-koprinner

18 feb 2018 - 16:35

De kuorballers fan SCO hawwe snein net foar in stuntsje soargje kind tsjin AW.DTV. It waard 22-25 foar de ploech út Amsterdam, dy't dield boppe-oan stiet yn de haadklasse.

By it skoft wie it ferskil mar ien punt yn it foardiel fan AW.DTV: 10-11. SCO koe lykwols nea op gelikense hichte komme en kaam krekt wat tekoart tsjin de Amsterdammers.

Oer twa wiken spylje de kuorballers fan SCO harren lêste kompetysjewedstryd, út tsjin Tweemaal Zes út Maartensdijk. Foar SCO stiet der neist de ear neat mear op it spul, want de ploech fan trainer Aegle Frieswijk hie har earder al feilich spile.

Trefwurden: 
SCO kuorbal AW.DTV
(advertinsje)