'Skries'-bier spesjaal foar Kulturele Haadstêd

Twa âld-studinten fan de MBO-oplieding Life Sciences yn Ljouwert presintearje moandei in nij bierke dat se spesjaal makke ha foar Kulturele Haadstêd. It 'Skries'-bier is ek in oade oan it Fryske lânskip.
Admiraals' Bierbrouwerij yn Aldtsjerk hat it bier yn gearwurking mei de studinten broud. De brouwerij is ien fan de staazjebedriuwen fan MBO Life Sciences. It giet om in hiel eksklusyf bierke, want der is mar 1.000 liter fan makke. En dat betsjut dat der mar 3.300 fleskes op de merk komme en de earste tûzen derfan binne al fersein.