Lette tsjingoals nekke Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean

Foar sneinshaadklassers Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean duorren de wedstriden sneintemiddei krekt wat te lang. Troch lette tsjingoals ferlearen beide Fryske ploegen.
Snits Wyt Swart like op besite by direkte konkurrint DHC trije belangrike punten te pakken yn de striid tsjin degradaasje. Kevin Huitema kopte de Snitsers nei in lyts oere spyljen op foarsprong yn Delft. Yn de lêste minút makke Jeffrey de Roon lykwols de lykmakker fia in penalty en yn blessueretiid soarge Wesley Verhoek sels foar de oerwinning fan DHC.
Ek Hearrenfean gie yn de blessueretiid ûnderút. Thús tsjin RKAVV holden de Feansters lang stân. De ploech fan Marcel Valk like in punt oer te hâlden oan de wedstriid, mar Rico de Boer makke yn de fjirde minút fan de ekstra tiid de winnende treffer foar de klup út Leidschendam.
De twa Fryske ploegen steane no op it fjirtjinde en fyftjinde plak. Se hâlde allinnich noch Jong Achilles '29 ûnder harren.