Gjin poadiumplak foar Anice Das en Jorien ter Mors op 500 m

18 feb 2018 - 14:26

De Nederlânske froulju hawwe snein gjin poadiumplak ferovere op de 500 meter reedriden op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Nederlânsk kampioen Jorien ter Mors waard sechsde, Anice Das njoggentjinde en Lotte van Beek 23e. De Amerikaanse Heather Bergsma, dy't yn Aldeboarn wennet, waard alfde.

It goud waard wûn troch de Japanse Nao Kodaira. Sy ried de 500 meter yn in tiid fan 36.94 sekonden. Dat is in Oympysk rekôr en in wrâldrekôr foar in baan op seenivo. It sulver wie foar de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee en de Tsjechise Karolina Erbanová giet mei brûns nei hûs.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)