See-earnen yn De Alde Feanen bouwe twa nêsten

Deselde twa see-earnen dy't ferline jier ien jonge fûgel grutbrocht hawwe yn de Alde Feanen, binne wer dwaande yn it gebiet. Se bouwe no net ien, mar twa nêsten. Se sitte op itselde plak as ferline jier. Yn earste oanset besochten de fûgels it âlde nêst wer op te knappen. Dêr is ek in kamera mei sinnepaniel by pleatst fan Beleef de Lente. Dat is in projekt fan Vogelbescherming Nederland. Minsken kinne dêr sûnt snein op folgje wat yn it nêst bart.
Mar nei't der in sinnepaniel pleatst is, binne de fûgels begûn mei it bouwen fan in nij nêst, sa lit Sip Veenstra fan It Fryske Gea weten. Hokker nêst oft aans brûkt wurdt is net wis. Fan Veenstra meie de fûgels wol briede yn it earste nêst. Net allinnich omdat dêr de kamera op stiet, mar ek omdat de beam dêr't it twadde nêst yn makke wurdt, net sûn is en omwaaie kin by in stoarm.