Sven, Jan en Koen nei heale finale ploege-efterfolging

© ANP
De Nederlânske efterfolgingsploech hat snein op de Olympyske Spelen de heale finale berikt. Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij fersloegen yn de kwartfinale yn de Gangneung Oval de Amerikaanske reedriders mei in grut ferskil: 3.40,03 om 3.42,98. De Oranjeriders setten fan de acht lannen net de bêste tiid del. Súd-Koreä wie mei in tiid fan 3.39,29 it rapst.
Sven Kramer sei nei de wedstriid dat er fûn dat it eins hiel goed gien is, oant dat se twa ronden foar de ein in bytsje yn de problemen kamen. "Koen hie in wat mindere beurt en joech dy hiel folwoeksen wei. Yn it ferline seachst noch wol ris dat it hielendal útinoar foel, as ien it dreech krige. As team pakten we it goed op en bleaune wy ticht byinoar.''
"It giet derom dat oan de ein fan de efterfolging elkenien yn de ploech like wurch is", seit Sven Kramer. "Dat wie hjoed net it gefal. Dus moat ik mear op kop ride, as wy yn dizze gearstalling trochgean. Fansels sille wy it dêr mei de ús fjouweren en de bûnscoach oer hawwe. Wy litte it no efkes gewurde. Hjoed en moarn sjogge wy fierder."
De heale finales en de finale op de ploege-efterfolging stean foar woansdei op it programma. Nederlân nimt it yn de heale finale op tsjin Noarwegen. Oft se dan yn deselde gearstalling ride, sil de kommende dagen bepraat wurde. Patrick Roest is reserve achter Kramer, Verweij en Jan Blokhuijsen.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.