Fryske foarronde Lagerhuisdebat yn provinsjehûs yn Ljouwert

18 feb 2018 - 11:30

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is moandei de Fryske foarwedstriid fan de jierlikse debatwedstriid 'Op weg naar het Lagerhuis'. Goed 85 jongeren gean dêr de striid mei-inoar oan. Se debattearje oer ferskate ûnderwerpen, lykas  bygelyks de lanlike proef mei it kweken fan himp. Fierders wurdt der diskusjearre oer it pleatsen fan wynmûnen yn Fryslân en oer de fraach oft Fryslân de jongerein genôch takomstkânsen jout.

Oan de kompetysje dogge seis skoallen mei.

(advertinsje)