Teller petysje Waadferiening tsjin gaswinning stiet op 6500

18 feb 2018 - 11:19

De petysje fan de Waadferiening tsjin gaswinning yn it Waadgebiet is de ôfrûne wike troch hast 6500 minsken ûndertekene. De Waadferiening is de petysje begûn fanwegen de oansteande proefboarringen op it boarplatfoarm boppe Skiermûntseach. Neffens de Waadferiening nimt de druk op it Waadgebiet troch de boarringen hieltyd fierder ta en foarmje se in direkte bedriging fan it kwetsbere natuergebiet.

Aksjefierders fan Greenpeace hâlden de ôfrûne dagen it boarplatfoarm boppe Skiermûntseach tydlik beset. De tariedingen foar de proefboarringen gean lykwols gewoan troch. Greenpeace hat sein it platfoarm mooglik opnij te besetten.

(advertinsje)