Balk hat yn april in húsdokter minder

19 feb 2018 - 07:00

Balk moat it fan 1 april ôf mei in húsdokter minder dwaan. De syktocht nei in ferfanger foar dokter Frits Krijnen hat oant no ta neat opsmiten. Mar dat betsjut net dat de 66-jierrige dokter net mei pensjoen kin. 

De syktocht nei in ferfanger krige in soad omtinken, doe't de dochter fan Krijnen yn novimber in oprop op Facebook sette. Dy oprop waard hûnderten kear dield en luts ek de oandacht fan de lanlike media. Want net allinne yn Balk is it in probleem, ek op oare plakken wurdt it hieltyd dreger om nije húsdokters te finen.

Foarkar foar praktykhâlder

Balk hat ek noch in praktyk mei twa oare húsdokters. Alle pasjinten fan Krijnen kinne by twa waarnimmers terjochte. Dat binne húsdokters yn leantsjinst. Krijnen fynt it spitich dat de oprop neat opsmiten hat. "Ik twifelje der net oer oft de waarnimmers myn wurk goed oernimme sille. Mar ik hie dochs hope op in jong persoan dy't ek praktykhâlder wêze woe. Sa'n ien kin, lykas wat ik haw, better in bân opbouwe mei de pasjinten en mei it doarp. Ien yn leantsjinst  - dus net mei in eigen praktyk -  kin samar ûntslach nimme. En dat sit Balk wer mei itselde probleem."

Earst fakânsje

De húsdokter hat noch net in idee fan wat er allegearre dwaan sil as er yn april pensjoen hat. "Myn frou en ik sille, tink ik,  earst mei in lange fakânsje. Efkes in skoft de rêst opsykje. Mar wat we dêrnei sille, dêr haw ik noch gjin byld fan."

Trefwurden: 
Balk húsdokter Frits Krijnen
(advertinsje)