Dronken bestjoerder lûkt oandacht troch beferzen autospegels
In man fan 32 jier út Ljouwert is sneon op de bon slingere. Omdat de spegels fan syn auto beferzen wiene, sette de plysje de bestjoerder op de Lytse Dyk yn Britsum oan de kant. By kontrôle die bliken dat er tefolle alkohol hân hie.
De Ljouwerter krige proses-ferbaal en in rydferbod fan fiif oeren.