Autospegels fernield yn Ljouwerter Tjerk Hiddes-buert

18 feb 2018 - 08:44

Yn de Ljouwerter wyk Tjerk Hiddes hawwe de lêste wiken ferskate fernielingen west, benammen yn de wykeinen. Dat makket de plysje bekend op Twitter.

Yn de nacht fan freed op sneon binne fan ferskate auto's de spegels stikken makke. De auto's stiene parkearre yn de Sontdwarsstrjitte. De dupearren hawwe oanjefte dien. De plysje siket tsjûgen fan de fernielingen.

(advertinsje)