IOC ûndernimt gjin stappen tsjin Anema

18 feb 2018 - 07:55

It IOC ûndernimt gjin fierdere stappen tsjin reedrydcoach Jillert Anema. De Nederlânske sportkoepel NOC*NSF hat goed hannele yn de ôfhanneling fan it besykjen ta matchfixing fan Anema by de Olympyske Spelen fjouwer jier lyn yn Sotsji. Dat stelt it Ynternasjonaal Olympysk Komítee snein yn in ferklearring.

NOC*NSF joech Anema yn 2014, nei de Spelen, in offisjele warskôging. Neffens it IOC wie dat in goed beslút. NOC*NSF brocht de saak net nei bûten. Ofrûne wike die út in artikel yn de Volkskrant bliken wat der bard wie.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)