UPDATE: Fermiste frou yn goede sûnens weromfûn

18 feb 2018 - 09:40
Yn de rin fan de nacht kamen der njoggen plysje-auto's by om mei te helpen mei sykjen nei de fermiste frou - Foto: SR Fotografie

De frou dy't fermist waard yn Beetstersweach, is weromfûn. Se is goed sûn, meldt de plysje sneintemoarn op Twitter. Nei har fermissing kaam yn it doarp sneontejûn in grutte sykaksje op gong. De brânwacht en in groep fan tweintich frijwilligers giene earst op 'en paad om de 53-jierrige frou te sykjen. Letter kamen der njoggen plysje-auto's by. Plysjeminsken op de fyts sochten de lytsere strjitsjes yn it doarp ôf. Doe't alles ôfsocht wie, is de sykaksje sneontejûn stillein.

De frou wie dus sneintemoarn wer terjochte. Wat der krekt bard is, is net bekend makke. De frou wennet yn in soarchynstelling fan Talant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)