Streppel nei lyk spul by PSV: "Hebben het zelf afgedwongen"

17 feb 2018 - 23:31

SC Hearrenfean spile sneontejûn yn it Philips Stadion mei 2-2 lyk tsjin PSV, de koprinner fan de earedifyzje. "Een heet avondje", belibbe Lucas Woudenberg. De ferdigener begûn foar it earst sûnt de bekerútskeakeling tsjin Willem II, yn oktober ferline jier, wer ris by Hearrenfean yn de basis.

"Ik denk dat we als morele winnaar van het veld stapten", sei Woudenberg. Krekt foar it skoft seach de linksefter fan Hearrenfean syn direkte tsjinstanner, Hirving Lozano, fan it fjild stjoerd wurden nei in reade kaart. "Het was een duel en ik kreeg een tik in mijn gezicht. De scheidsrechter geeft uiteindelijk een rode kaart." In terjochte kaart? "Dat weet ik niet, dat is aan de KNVB om dat te beoordelen."

Eigen fertsjinste

Trainer Jurgen Streppel koe it momint fan de reade kaart net goed sjen. Hy sei dat it de eigen fertsjinste fan de ploech wie dat Hearrenfean, nei in 2-0 efterstân, dochs noch mei in punt yn de bus stapte. "We hebben het zelf afgedwongen", fûn Streppel.

Tsjin tsien man gie Hearrenfean op syk nei in goed resultaat. Dêrby wikselde Streppel oanfallend. "Op het eind stonden we zelfs met één verdediger op het veld", sei de coach. "Je weet dat wij voor aanvallend voetbal staan en dat hebben we vandaag goed laten zien, denk ik."

(advertinsje)