UNIS Flyers wint ienfâldich fan Ahoud Devils út Nijmegen

17 feb 2018 - 22:39

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneontejûn de kompetysjewedstriid tsjin Ahoud Devils mei grut gemak wûn. De ploech fan coach Mike Nason wie op It Hearrenfean fierstente sterk foar it team út Nijmegen. It waard mar leafst 9-1 foar de thúsklup.

Yn de earste perioade sette Adam Bezak mei in powerplay-doelpunt UNIS Flyers op foarsprong. Even letter ferdûbele Ronald Wurm de skoare, mar Levi Houkes fan Ahoud Devils makke noch yn de earste perioade de oanslutingstreffer.

Yn de twadde perioade wreide UNIS Flyers de skoare út. Bezak makke syn twadde, tredde en fjirde goal fan de wedstriid. Lars den Edel makke der dêrnei 5-1 fan, wêrnei't de twadde perioade oan in ein kaam.

Yn de lêste perioade kaam de riante foarsprong net yn gefaar en rûn de thúsklup troch goals fan Tony Demelinne, Dennis Sikma en Kevin Nijland (twa kear) út nei 9-1.

(advertinsje)