Stroetinga wint maraton; Van der Molen fiifde by froulju

17 feb 2018 - 22:24

Op de Ireen Wüst iisbaan yn Tilburg kaam Arjan Stroetinga sneontejûn as earste oer de streek yn de fyftjinde maratonwedstriid fan it seizoen. De reedrider út Wynjewâld wie ûnder oaren te sterk foar nûmer twa en klassemintslieder Sjoerd den Hertog en Simon Schouten, dy't tredde waard.

Crispijn Ariëns fan Wolvegea waard fjirde. Bob de Vries, dy't ferline wike noch de 5000 meter op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä ried, kaam yn Tilburg as sechsde oer de finish.

By de froulju waard Lisa van der Geest earste. Boppedat wûn sy dêrmei ek it klassemint. Jessica Merkens waard yn Tilburg twadde en Imke Vormeer tredde. Jade van der Molen fan It Hearrenfean foel krekt bûten it poadium en waard fiifde.

(advertinsje)