LDODK ferliest mei ien doelpunt ferskil fan lânskampioen TOP

Noch nea hiene de kuorballers fan LDODK yn de kuorbal league thús fan TOP wûn en ek sneontejûn slaggen sy dêr net yn. De ploech fan trainer Erik Wolsink gie mei ien doelpunt ferskil ûnderút. Op De Gordyk waard it 25-24 foar de regearjend lânskampioen.
LDODK begûn skerp oan de wedstriid en kaam troch in skot fan André Zwart oan de lieding. Doelpunten fan Friso Boode, Erwin Zwart en Tim Flokstra brochten LDODK sels op in 4-0 foarsprong. Fia 6-1 en 8-3 kaam TOP sterk werom yn de wedstriid. Beide ploegen giene úteinlik skoftsjen mei in tuskenstân fan 11-11.
Yn de twadde helte pakten de Sassenheimers flot in foarsprong fan fjouwer goals, 13-17, mar LDODK kaam dochs werom op 19-19. Flak foar de ein stie TOP lykwols wer trije goals foar, 22-25. De einsprint fan de Gordyksters kaam krekt te let. Dêrmei bliuwt de nûmer twa fan de kuorbal league yn Sporthal Koartsweagen op De Gordyk foar it 6e seizoen op rige sûnder nederlaach.
Foar TOP wienen de ynternasjonals Mick Snel en Celeste Split beide goed foar 7 treffers, de LDODK-ynternasjonals Marjolijn Kroon en Erwin Zwart skoarden resp. fiif en acht kear.