SC Hearrenfean makket flaters goed en spilet lyk tsjin PSV

17 feb 2018 - 21:46

SC Hearrenfean hat sneontejûn op besite by PSV lyk spile tsjin de koprinner fan de earedifyzje. De ploech fan trainer Jurgen Streppel stie by it skoft noch mei 2-0 efter, mar in reade kaart foar PSV-oanfaller Hirving Lozano feroare alles. Nei in goede comeback fan Hearrenfean waard it yn it Philips Stadion úteinlik 2-2.

Hearrenfean begûn brutaal yn Eindhoven en pakte it inisjatyf. It earste skot kaam fan de foet fan Michel Vlap, mar dat wie in proai foar PSV-keeper Jeroen Zoet. Hearrenfean spile aardich, mar kaam wol op efterstân troch twa flaters achteryn. Balferlies fan âld-PSV-spiler Stijn Schaars stie oan de basis fan in hoekskop fan PSV. Ut dizze standertsituaasje kopte Santiago Arias nei in goed healoere de bal efter doelman Martin Hansen.

In lytse tsien minuten letter gie ferdigener Kik Pierie yn de fout. Lozano pakte de bal ôf, fûn Luuk de Jong en dy skeat de bal yn de krusing. PSV op roazen, mar seach yn de lêste minút fan de earste helte dat Lozano mei in reade kaart fan it fjild stjoerd waard. De topscorer fan de earedifyzje soe Lucas Woudenberg in tik jûn hawwe.

Tsjin tsien man

Yn de twadde helte makke SC Hearrenfean-oanfierder Schaars nei goed tsien minuten spyljen de oanslutingstreffer en mei in man mear gie Hearrenfean manmachtich op syk nei de lykmakker. Under oaren Henk Veerman wie dêr tichtby, mar Zoet koe syn ynset keare. De keeper fan PSV hie yn de slotfaze gjin antwurd op Reza Ghoochannejhad. Beide ploegen krigen dêrnei noch kânsen op in winnende goal, mar dy foel net.

PSV - SC Hearrenfean 2-2 (2-0). 34. Santiago Arias 1-0, 43. Luuk de Jong 2-0, 57. Stijn Schaars 2-1, 82. Reza Ghoochannejhad 2-2. Giele kaarten: Jorrit Hendrix (PSV), Stijn Schaars, Denzel Dumfries (SC Hearrenfean). Reade kaart: 45. Hirving Lozano (PSV).

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries (82. Van Amersfoort), Høegh, Pierie (46. Veerman), Woudenberg (78. Rojas); Schaars, Thorsby, Vlap; Ødegaard, Ghoochannejhad, Zeneli.

Trefwurden: 
PSV SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)